Staking treinhimmelders jûn dien

22 jan 2003 - 00:00

Oan de staking fan treinskjinmakkers komt woansdeitejûn om acht oere in ein. Dat hat FNV-Bondgenoten-bestjoerder Stam bekendmakke.

It fakbûn nimt noch kontakt op mei de ûndernimmingsried fan Noordned oer it gedrach fan twa meiwurkers. De twa managers namen it skjinmakwurk oer fan 'e stakers. Besmet wurk, sa fynt de FNV. Tiisdeitejûn kaam it ta rûzje tusken de stakers en de tydlike skjinmakkers. It bleau by skellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)