Staking metaalsektor Fryslân

27 sep 2013 - 07:42
  • Stakers op It Hearrenfean

Sawat fjouwerhûndert urknimmers fan Fryske bedriuwen yn de metaalsektor op It Hearrenfean, De Lemmer en De Gordyk hawwe freed it wurk dellein. Se dogge mei oan in lanlike estafettestaking foar 2,5 persint leansferheging en bettere wurkbetingsten. Underhannelings oer in CAO yn de metaal rûnen earder dit jier op 'e non.

Wurkjouwers yn de metaalsektor binne net bliid mei de aksje foar in bettere CAO. Neffens de wurkjouwers is stake ûnferstannich yn krisistiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)