Staking by Graphic Packaging International Snits om CAO

10 sep 2015 - 21:00
  • Staking

By grafysk bedriuw Graphic Packaging International yn Snits ha wurknimmers tongersdeitejûn spontaan it wurk foar 24 oeren dellein. Oanlieding is it CAO-konflikt yn de grafyske yndustry. Goed 60 personielsleden binne yn optocht nei hotel Amicitia gien dêr't in aksjegearkomste plakfûn hat.

De grafyske sektor hat al goed twa jier gijn CAO. Se wolle ûnder oare in leansferheging fan 1 oant 1,5 prosint en foar ien kear in útkearing fan 300 euro. De kommende wiken wurde der noch mear aksjes ferwachte.

Op 8 oktober is der ek noch in lanlike aksjedei fan de grafisy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)