Staking by Essentra Bûtenpost

31 jan 2014 - 07:46

Wurknimmers fan keunststofprodusint Essentra yn Bûtenpost hawwe it wurk foar 24 oeren dellein. Sûnt tongersdeitejûn tsien oere wurdt der staakt, om't se it net iens binne mei it einbod fan de wurkjouwer foar in nije CAO. Der is tongersdei noch wol in nij bod dien troch de direksje, dat wurdt fan 'e middei troch de leden besprutsen.

De direksje en it personiel ha in skeel oer in leansferheging. It personiel freget 3 persint, de direksje wol net fierder gean as 1,8. Ek moatte de âldereindagen ôfskaft wurde. By Essentra wurkje 170 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)