Staking by drukkerij De Vries yn Snits fanwegen cao

01 okt 2015 - 14:51
  • Staking

By drukkerij De Vries yn Snits wurdt tongersdeitemiddei in staking hâlden. De meiwurkers komme yn aksje om't sy al twa jier gjin nije cao hawwe. Sy fine dat se sa gjin respekt krije foar it wurk dat sy dogge by de drukkerij.

De staking fan tongersdei is alfêst in waskôging foar de grutte aksjedei fan 8 oktober. Fakbûn FNV KIEM ropt dan de hiele grafyske sektor op om it wurk del te lizzen en mei-inoar aksje te fieren yn Utert.

De ôfrunne moannen waard der al op ferskate plakken staakt, bygelyks by it grafyske bedriuw Graphic Packaging International út Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)