Staking driget by Enna Dokkum

06 jun 2003 - 00:00

Der driget in staking by spuitbusse- fabryk Enna Aerosols yn Dokkum. De personielsferiening hat freed in petysje oanbean oan de direksje. Dêrmei wol it personiel dat de direksje wer om tafel giet mei de fakbûnen. De cao- ûnderhannelings rinne al mear as in jier, mar hawwe noch neat opsmiten.

As de direksje net op de petysje yngiet is in staking net mear foar te kommen. De fakbûnen wolle de besunigings op de arbeidsbetingsten kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)