Staking by Connexxion is oer

06 jan 2006 - 16:16

De staking by ferfiersbedriuw Connexxion yn Alkmaar is oer. Troch de staking ried in part fan de Interliners tusken Alkmaar en Harns net, omdat dy troch Connexxion fersoarge wurde moasten. Arriva fersoarget gewoanwei de oare ritten tusken Alkmaar en Harns.

De sjauffeurs staakten, omdat se ûntefreden wêze soene oer de roasters. Nei bemiddeling troch it fakbûn FNV Bondgenoten binne de sjauffeurs freed om in oere as olve wer oan it wurk gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)