Staking by blikfabryk Ardagh yn Ljouwert

11 jun 2015 - 07:29
  • Ardagh-staker meldt him by it aksjesintrum oan de Huzumerleane
  • Ardagh-staker skriuwt him yn yn it aksjesintrum

Sa'n 120 meiwurkers fan blikfabryk Ardagh yn Ljouwert stake tongersdei foar in bettere CAO. Woansdeitejûn om alve oere sette de staking útein. De aksje sil dêrnei yn Emmen oppakt wurde.

De direksje fan Ardagh hie al yn it foar besletten om it blikfabryk te sluten en de produksje stil te lizzen. De stakers koene har tongersdeitemoarn betiid ynskriuwe by sealesintrum Tivoli oan de Huzumerleane yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)