Staking Atoglas giet troch

08 mrt 2005 - 10:40

De staking by Atoglas yn Ljouwert giet troch. De fakbûnen ha yn it wykein mei de direksje fan it keunststoffabryk ûnderhannele oer in alternatyf plan. Se binne der noch net út en prate moandeitejûn fierder. It plan wurdt stipe troch de ûndernimmingsried.

Moandei komme de Twadde Keamerleden Atsma, Algra, Kortenhorst (CDA) en Tichelaar en Straub (PvdA) op besite by de stakers. Europarlemintariër Dorette Corbey freget ek omtinken foar Atoglas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)