Staker docht frijwilligerswurk

02 apr 2007 - 14:07

Stakende meiwurkers fan it belestingkantoar op it Hearrenfean dogge moandei frijwilligerswurk. Se helpe by de fersoargingstehûzen yn it plak. De belestingmeiwurkers yn Hearrenfean en Ljouwert fiere dizze wike aksje foar in bettere cao. It is al de tredde wike dat der aksje fierd wurdt by de belestingtsjinst. As der neat feroaret oan de ûnderhannelings mei de minister gean de aksjes troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)