STAF op syk nei karmasters

12 aug 2013 - 20:21
  • STAF op syk nei nije karmasters

Der is in tekoart oan toanielkarmasters. Yn septimber set de oplieding útein en der is noch romte foar fiif plakken. Yn totaal binne der 32 karmasters dy't it amateurtoaniel beoardielje. Yn it ferline hawwe der wol mear west.

Neffens Stichting Amateurtoaniel Fryslân is it nedich om nije karmasters op te lieden om meigean te kinnen yn de ûntwikkeling dy't it amateurteater trochmakket. De oplieding duorret in healjier en is fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)