Stadionferbod nei sprekkoar

03 mrt 2010 - 14:44

Nei oanlieding fan sprekkoaren hat SC Hearrenfean stadionferboden útdield. By de wedstriid tusken SC Hearrenfean en Ajax song in diel fan it Hearrenfeanpublyk "alle joden zijn homo's."

De klup stiet kwetsende teksten net ta en nimt maatregels as soks wol bart. Der is no in brief stjoerd nei de supporters mei de meidieling dat se in stadionferbod krije. It is net bekend om hoefolle minsken oft it giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)