Stabilisaasje tal greidefûgels troch spesjaal behear

12 feb 2015 - 19:12

Yn lân dêr't boeren oan greidefûgelbehear dogge is it oantal fûgels de lêste seis jier stabilisearre. It giet dan om de skries, de strânljip en de tsjirk. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de provinsje en Boer en Natuur, in organisaasje foar boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. Ut it ûndersyk docht bliken dat de stabilisaasje begûn is doe't de provinsje de oanpak fan greidefûgelbehear feroare. Oft der in ferbân tusken de twa is, is net te sizzen. De stabilisaasje jildt net foar de ljip.

Yn gewoan boerelân rint it oantal greidefûgels noch hieltyd werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)