'Staazjerinne by de gemeente'

22 okt 2010 - 11:14

De PvdA yn Ljouwert makket him soargen oer it gebrek oan staazjeplakken yn de gemeente. De partij wol dat it kolleezje him ynset, dat der ôfspraken makke wurde tusken it ûnderwiis, wurkjouwers en wurknimmers.

Dêrby moat de gemeente Ljouwert it goeie foarbyld jaan fynt de PvdA. Neffens de partij soe Ljouwert op eltse 20 amtners in staazjeplak oanbiede moatte. Mei-inoar soene dat sa'n 50 pakken wêze. De PvdA fynt dat dy der yn 2012 wêze moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)