Staazjeplak yn soarch dreger

01 okt 2003 - 00:00

It wurdt foar de learlingen yn it soarchûnderwiis hieltiten dreger om in staazjeplak te finen. Staazjes wurde langer en yntinsiver, en der binne hieltyd mear learlingen. It binne foaral de sikehûzen, ynstellings foar handikaptesoarch en de geastlike sûnenssoarch dêr't te min plak is.

It Friesland College stjoert learlingen nei Hollân foar harren staazje en ek binne der learling-ferpleechkundigen dy't bygelyks yn Dútslân staazje rinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)