Staazje op Fryske ambulânses

15 feb 2007 - 16:04
  • rêdingsplysje út Qatar rint staazje by Fryske ambulânse

Goed 30 manlju út Qatar is yn Fryslân om te sjen hoe't it op de ambulânses oan ta giet. Se sitte by de rêdingsplysje en wurde oplaat foar ynset by rampebestriding yn de hiele wrâld. Qatar besiket mei dit projekt erkenning fan de VN te krijen foar in ynternasjonaal Search and Rescue team.

Nederlânske helptsjinsten ha in goede namme. De staazje duorret twa wiken. De stazjêres kinne nei har oplieding oer de hele wrâld ynset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)