St. Better As yn ûngelyk steld

24 aug 2012 - 18:05

Provinsjale Steaten fan Fryslân ha yn maaie fan dit jier terjochte besletten it boargerinisjatyf fan de Stichting Better As net op de aginda te setten. Mei dat advys komt de beswierekommisje fan de provinsje. Better As hie beswier makke tsjin it beslút fan PS om it boargerinisjatyf ûnjildich te ferklearjen, omdat it net foldwaan soe oan de feroardering fan in boargerinisjatyf.

Mei it inisjatyf woe Better As berikke dat Provinsjale Steaten op 'e nij sjocht nei it beslút om de Sintrale As oan te lizzen.

De beswierekommisje advisearret PS wol om de feroardering noch ris tsjin it ljocht te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)