SR:Skylgers mei wein ûnderweis

23 des 2013 - 11:18
  • Skylgers mei de trekker ûnderweis nei Ljouwert

Ek Skylge is yn aksje kommen foar Serious Request. It doel wie om 20.000 euro op te heljen mei ferskate aksjes, lykas in feiling. Om it jild troch de brievebus fan it Glêzen Hûs te krijen, moasten se moandei earst mei de boat oer. In ploech fan sa'n 20 man is oanslutend mei trekker en wein nei it Saailân yn Ljouwert ta riden.

De Skylgers hoopje tusken de middei by it Glêzen Hûs oan te kommen. Dêr meie se oanslute by de lange rige dy't oer it hiele plein stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)