SR: grêftwetter is te drinken

23 des 2013 - 09:41
  • wetterfilter yn it belsintrum fan it Reade Krús

It wetter út de Ljouwerter grêften kin as drinkwetter brûkt wurde neidat it filtere is mei in wetterfilter. Dat seit Juriaan Lahr fan it Reade Krús. Fan it jild dat mei Serious Request ophelle wurdt keapet it Reade Krús ûnder oare wetterfilters. Mei it filter kin al it wetter op ienfâldige wize troch minsken sels skjinmakke wurde, wêrtroch de kâns op diarree stikken lytser wurdt.

Boppedat keapet it Reade Krús ôfdeksels foar op de wc en kinne der wetterputten slein wurde. Moandei docht it Reade Krús in proef mei wetter út de grêft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)