SR: Al 271.000 besikers

23 des 2013 - 12:00
  • Sneintejûn stie it plein wer hielendal fol
  • En dit lieten de besikers sneintenacht achter....
  • En ek op moandei stiet it plein wer fol.....

Serious Request yn Ljouwert hat oant no ta al sa'n 271.000 besikers lutsen. Benammen it ôfrûne wykein wie it bysûnder drok by it Glêzen Hûs yn it sintrum fan Ljouwert. Benammen snein stie it plein de hiele dei fol, sa meldt de gemeente Ljouwert.

De gemeente Ljouwert hâldt oant en mei tiisdei rekken mei sa'n 400.000 besikers foar it Glêzen Hûs. It is noch net bekend wat dit de stêd krekt oan ekstra ynkomsten opsmyt, mar by de hoareka yn de binnenstêd is it 'lekker drok', sa seit in wurdfierster fan de gemeente.

De gemeente ropt besikers op om foaral net mei de auto nei de binnenstêd te kommen. De parkeargaraazjes yn it sintrum steane meastentiids fol. De NS set ekstra lange treinen yn nei Ljouwert om alle reizgers ferfiere te kinnen.

Besjoch hjir ús webcam op it Saailân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)