Spyt fan kriminele dieden

10 nov 2006 - 10:00

In 17-jierrige ynwenner fan it Hearrenfean hat him begjin dizze moanne melden by de plysje om't er spyt hie fan syn kriminele ferline. Hy bekende tsien misdriuwen.

De jonge hie begjin augustus ynbrutsen by in bedriuw yn Aldskoat en in skooter stellen yn it sintrum fan Hearrefean. Ek hat er ferskate ruten yngoaid. De plysje slút net út dat letter mear minsken oanhâlden wurde sille yn ferbân mei dizze saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)