Spul yn kolleezje Stiens

21 maaie 2010 - 11:51

De koalysje yn Ljouwerteradiel is noch mar in pear moanne oan it wurk, mar stiet no al ûnder druk. Oanlieding is in ûndersyk nei de takomst fan de gemeente. Dêrfoar binne trije opsjes. Ien dêrfan is in fúzje mei Ljouwert.

De oare Middelseegemeenten It Bilt, Menameradiel en Ferwerteradiel binne dêr poer op tsjin. De koalysjepartijen CDA en FNP woene it ûndersyk dêrom earst mar sitte litte, mar dêr is Harm de Kroon fan de PvdA it net mei iens. De partijen nimme no in wike rêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)