Spul yn 'e top Fryslân Bank

21 des 2002 - 00:00

Direkteur Lekkerkerker fan de Fryslân Bank stiet op non-aktyf. Oanlieding is in rûzje oer it belied dat de bank fiert. Dêroer soene al langere tiid konflikten west hawwe tusken de direkteur en bestjoersfoarsitter Offringa.

Lekkerkerker is no yn ûnderhanneling mei de bank oer in ôffloeiingsregeling per 1 jannewaris 2003. Dêrnei siket de bank in nij bestjoerslid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)