Spul tusken LPF-bestjoeren

27 jun 2003 - 00:00

Foarsitter Saakstra fan de Fryske LPF moat skorst wurde. Dat fynt lanlik partijfoarsitter Maas. Ek sân oare regionale foarsitters fan de LPF moatte foarearst út har funskje set wurde.

Maas wol dat omdat de acht in brief oan de LPF-leden skreaun ha út ûnfrede oer de gong fan saken yn de partij. Oanlieding wie it optreden fan Maas en Hammerstein, dy't twa leden fan it haadbestjoer fuortstjoerd ha. Op 10 july sille de leden oer de saak te set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)