Spul op Bedriuwekontaktdagen

21 mrt 2012 - 10:20

In man (50) út Warten en in man (52) út Ljouwert binne tiisdei oanhâlden foar mishanneling. In oare man út Warten kaam op de Bedriuwekontaktdagen de Ljouwerter tsjin dêr't er in saaklik konflikt mei hie. Se krigen wurden en de man út Warten krige in kopstjit en rekke ferwûne. Syn plakgenoat bemuoide him der mei en joech de Ljouwerter in klap yn it gesicht. Beide fertochten binne meinommen nei it buro foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)