Spul om tún yn de Batting Harns

13 jul 2006 - 17:55

Der is spul tusken bewenners en direksje fan ferpleechhûs De Batting yn Harns. 24 deminte âlderen moatte ferhúzje nei in oare ferdjipping en reitsje dêrtroch harren tún kwyt. Se binne lulk en fan slach.

Famyljeleden binne yn ferset kommen en driigje nei de rjochter te stappen. De ferhuzing is neffens de direksje nedich yn ferbân mei in ferbouwing. De kjeld is lykwols noch lang net út de loft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)