Spul om nije fytstunnel

16 nov 2000 - 17:47

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel is lilk op de provinsje. Har gemeente moast meibetelje oan 'e tunnel by Wommels ûnder de provinsjale dyk troch. Oars betelle de provinsje soks altyd. 'Nij belied', sa sei deputearre Bijman.

De tunnel waard woansdei offisjeel yn gebrûk nommen. Skoalbern út Kûbaard hoege no de drokke dyk Boalsert-Ljouwert net mear oer te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)