Spul om Kral-winkel noch net oer

09 des 2005 - 13:57

De rjochter bepaalt ein desimber oft KPN de âlde winkel fan de fallite fotoketen Kral oan de Foarstreek yn Ljouwert brûke mei. De kurator fan Kral hat it hierkontrakt fan de winkel oerdien oan KPN, dy't in diel fan de fotoketen oernaam hat. De eigner fan it pân wol sels bepale wa't der yn komt.

Tongersdei troffen de twa partijen elkoar foar de rjochter yn Ljouwert. Dy joech by de sitting gelegenheid ta in skikking te kommen, dat slagge net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)