Spul om kowekonten bylein

20 jan 2004 - 00:00

De gemeente Tytsjerksteradiel is lulk op it Rotterdamske Wijktheater. Dy seinen yn it NOS-journaal dat se mei harren foarstelling it lân yn wolle. Se wolle sels oan Tytsjerksteradiel ta, dêr't de minsken "ornaris allinnich mar tsjin kowekonten oansjogge".

De gemeente hat de Rotterdammers útnoege om sjen te litten dat der mear is as kowekonten. De toanielgroep jout no sneon in foarstelling yn kultureel sintrum De Pleats yn Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)