Spul om falpartij

04 aug 2000 - 17:38

In oanriding tusken in scooterrider en in fytser wie tongersdei oanlieding foar in fjochtpartij yn Ljouwert. In 49-jierrige fytser seach ien jonge (19) fan in groep scooterriders oer de holle by it oerstekken fan de krusing by de Skrâns.

Beide ferkearsdielnimmers foelen op de grûn. De jonge sloech de man mei de helm tsjin de holle. It slachtoffer moast nei it sikehûs. De jonge is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)