Spul om autorace Berltsum

18 aug 2010 - 18:53

Der is spul ûntstien oer in wedstriid foar radiografysk bestjoerbere auto's no freed yn Berltsum. De gemeente wol dêr gjin fergunning foar jaan, wylst de organisaasje seit dat dy wol tasein wie. Sy hawwe dan ek al in baan oanlein. De gemeente hat no witte litten dat se hanthavenje sille. Dat betsjut dat se freed komme sille om te kontrolearjen.

As de wedstriid wol trochgiet wurdt der proses-ferbaal opmakke. De organisaasje is poer op de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)