Spul oer wenromte eks-pasjinten

19 des 2002 - 00:00

De wenningbouferiening yn Frjentsjer wiist gjin hierhuzen mear ta oan âld- pasjinten fan de GGZ. Omwenners ha oer oerlêst klage. De minsken soenen op harsels wenje kinne, mar dat is net sa. Neffens de wenningbouferiening moatte de minsken begelaat wurde.

Neffens de GGZ moatte minken mei in psychiatrysk ferline wol de mooglikheid hâlde om selsstannich wenje te kinnen. Mooglik komme der mear wenten op it terrein fan de GGZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)