Spul oer gebou fotoketen Kral

05 des 2005 - 17:03

By it faillissemint fan fotoketen Kral is spul ûntstien tusken de nije eigner KPN en de eigner fan it winkelgebou yn Ljouwert. Tongersdei moat de rjochtbank yn Ljouwert him bûge oer de fraach oft KPN de winkel binnen twa dagen wer út moat.

De eigner fan de winkel wol net fierder mei KPN. Dit bedriuw naam 60 winkels út it faillisemint oer en wol der media-, telefoan- en ynternetwinkels fan meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)