Spul oer ferhier op Boomhiemke

28 okt 2014 - 10:54
  • Eigeners fan villa's meie dy net sels ferhiere

In groep eigeners fan dúnvilla's op it bungalowpark Boomhiemke op It Amelân mei dy net sels ferhiere. Dat hat de rjochtbank bepaald. Neffens guon eigeners soe Boomhiemke mei in 'dûbele pet' op wurkje troch de eigen fakansjehuzen earder te ferhieren as de huzen fan partikulieren.

Neffens de rjochter is dat net oantoand en binne de eigeners by de oankeap fan harren hûs oerienkaam dat allinnich Boomhiemke de dúnvilla's ferhiere mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)