Spul oer doarpshûs Seisbierrum

27 feb 2012 - 21:44

Seisbierrum en de gemeente Frjentsjerteradiel binne it net iens oer it plak dêr't it multyfunksjonele sintrum komme moat. De gemeente kiest foar in plak yn it doarpssintrum. Dat soe better foar de leefberens fan it doarp wêze, want dat fertutearzet. De totale kosten fan de renovaasje fan it sintrum en de bou fan it MFS wurde rûsd op goed fiif miljoen euro.

It doarp wol leaver it gebou fan Aeolus oankeapje. Nei ferbouwing kin op dat plak alles dien wurde wat it doarp wol en it is ek noch in stik goedkeaper.

De ried sil der kommende tongersdeitejûn oer prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)