Spul oer boarterstunen Jirnsum

07 mrt 2003 - 00:00

In opknappen fan trije boarterstúnen yn Jirnsum stiet faai. Dat sizze de frijwilligers. Se ferwite de gemeente dat de boarterstúnen mooglik ferdwine. Jongerein dy't foar oerlêst soargje op it grutste boartersplak woenen it wurk dwaan. Dêrfoar soene se in kontener krije.

Boarnsterhim komt op it lêste momint mei beswieren tsjin it plak en de konstruksje fan de kontener. Nije wike praat Pleatslik Belang oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)