Spul oer akwadukt Wâldsein

04 jul 2007 - 10:54

De provinsje Fryslân en de bouwer fan it akwadukt by Wâldsein ha spul oer de opleveringsdatum. De ôfprate opleverdatum fan 1 augustus wurdt net helle, seit bouwer Strukton.

De provinsje easket dat wol fan Strukton, omdat oare wurken rûnom Wâldsein dan begjinne moat om oan de subsydzjebetingsten te foldwaan. De provinsje oerwaget nei de rjochter te stappen, kommende tiisdei wurdt dêr in beslút oer naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)