Spul Oenema/Alliade oer nota's

04 okt 2014 - 15:54
  • Taksy Oenema

Tongersdei 9 oktober tsjinnet yn Ljouwert in koart pleit dat taksybedriuw Oenema oanspand hat tsjin soarchkoepel Alliade. Oenema easket 500.000 euro oan rekkens foar hendikepteferfier. Alliade hâldt it jild fêst, omdat se Oenema fertinke fan 'sjoemeljen' mei deklaraasjes. Oenema hat jierrenlang it taksyferfier foar Alliade en Talant dien, mar ferlear koartlyn de konsesje oan taksybedriuw Klomp út Ede.

Neffens Alliade docht achterôf bliken dat Oenema jierrenlang in te hege kilometerfergoeding berekkene.

Alliade wol dat Oenema alle ynformaasje oer de taksyritten fan de ôfrûne fiif jier beskikber stelt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)