Spul ljedderfabryk eskalearret

11 jul 2008 - 15:39
  • ljedder- en steigerfabryk Centrum

Ljedder- en steigerfabryk Centrum op it Hearrenfean is net yngien op it ultimatum fan it fakbûn CNV. It fakbûn easket dat it bedriuw 40.000 euro oan efterstallich lean útbetellet. Fjouwer wurknimmers ha dêr neffens it CNV rjocht op, omdat it bedriuw har net neffens de CAO útbetelje soe.

Ek soe jild ynhâlden wêze doe't meiwurkers har siik meld hiene. It fakbûn oerwaget no nei de rjochter te stappen. Mooglik wurdt ek beslach lein op eigendommen fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)