Spul LC en Keunstwurk

24 feb 2004 - 00:00

De Ljouwerter Krante seit gearwurking mei Keunstwurk op. Oanlieding is in kritysk stik yn de Moanne. Huub Mous fan Keunstwurk skriuwt yn it tydskrift dat de LC in middelmatich blêd is. Hy neamt haadredakteur Rimmer Mulder de God fan Fryslân, dy't minsken meitsje en brekke kin.

Mous skreau it stik op persoanlike titel en fynt dat Keunstwurk dêr net op ôfrekkene wurde mei. Mooglik nimt er juridyske stappen tsjin de LC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)