Spul Langwar oer linebeammen

04 aug 2011 - 12:20

Striid yn Langwar oer de kap fan in rige linebeammen by de tsjerke. It tsjerkebestjoer wol se tsjin de flakte ha. Se binne net alhiel sûn mear en om situaasjes lykas dy mei de Anne Frank-beam by it Anne Frank Museum foar te kommen moat der kapt wurde. Pleatslik Belang en de gemeente Skarsterlân wolle dat net. Sy fine de beammen byldbepalend foar it doarp.

It tsjerkebestjoer hat yntusken troch in flater fan de gemeente Skarsterlân dochs in kapfergunning krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)