Springende bultrêch by Amelân

08 jun 2011 - 10:27
  • De springende bultrêch

By It Amelân is wer in lytse walfisk sjoen. Fisker Johan van Stralen fan it garnaleskip ZK49 mei as thúshaven Lauwerseach hat de springende bultrêch filme. Oare fiskers hiene it bist ek sjoen. It bist is sawat njoggen meter lang. Nei alle gedachten is er ûnderweis nei Noarwegen op 'e doele rekke en yn de Waadsee bedarre.

Oft it om deselde bultrêch giet dy't ein maaie ek al by it eilân swom, is ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)