Springe op plysjewein

03 feb 2008 - 15:32

De plysje hat sneontejûn, in oere nei de oanhâlding yn de Alde Doelesteech, noch twa fertochten oanholden yn de omjouwing fan it Ruterskertier. Op it Ruterskertier stie in plysje-auto parkeard.

De plysjes stienen op it Saailân. Se seagen dêr dat twa Ljouwerters, beide 18 jier, op it dak fan de plysjewein stienen te springen. In groepke fan in man of sân makke dêr foto's fan. De manlju binne oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)