Sprekoere Omrop-haadredaksje

16 maaie 2004 - 00:00

Foar it earst is der takom tiisdei in sprekoere fan de haadredaksje fan Omrop Fryslân. Elk kin fragen stelle oan de haadredaksje oer it belied fan de Omrop by radio en televyzje. De fragen wurde beantwurde yn it radioprogramma De Middei tusken 14.00 en 16.00 oere.

It is dan 'Mediadei', útroppen troch de NVJ, it fakbûn fan sjoernalisten en it 'Genootschap van Hoofdredacteuren'. Fragen kinne ynstjoerd wurde fia e-mail: demiddei@omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)