Sprekoere oer jeugdsoarch

08 nov 2012 - 11:28

De steatefraksje fan de PvdA komt mei in telefoanysk sprekoere oer de jeugdsoarch. Oanlieding is de oerdracht fan alle jeugdsoarchtaken nei de gemeenten oer twa jier. De PvdA is benaud dat âlden en bern it paad kwytreitsje yn in doalhôf fan organisaasjes en prosedueres. Minsken kinne belje mei har ferhalen, klachten en tips. De steatefraksje fan de PvdA nimt dy dan mei yn syn ynset foar in bettere jeugdsoarch yn Fryslân.

It telefoanysk sprekoere is op woansdeis tusken 13.30 en 14.30 oere.

Minsken kinne terjochte by steatelid Douwe Hoogland (06-20533178), mar reaksjes binne ek wolkom op it mailadres pvda@fryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)