Sprekoere fia fideoferbining

23 maaie 2006 - 15:01

Thússoarch Het Friese Land is tiisdei begûn mei sprekoeren fia fideoferbinings. Foaral op de waadeilannen wie der in soad ferlet fan begelieding dêr't tenei dus net altyd in wurknimmer fan Het Friese Land hinne hoecht.

Dochs sille foar de helte fan de konsulten noch wol in besite brocht wurde oan de kliïnten. Oare ynstânsjes kinne ek fan de fideoferbining gebrûk meitsje. De kosten wurde dan dield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)