Sprekferbod Lucas Bijker

15 maaie 2015 - 13:32
  • Lucas Bijker

Cambuur ferdigener Lucas Bijker mei fan de klup net mei de parse prate. Cambuur hâldt Bijker út de wyn. It is sa goed as wis dat Bijker takom seizoen by konkurrint SC Hearrenfean spilet en dat soarget foar de nedige opskuor. By de training fan freed wienen fjouwer bewakers ynset foar it gefal der aksjes komme soenen fan supporters. Dy bleaunen lykwols út. Bijker, blesseard út de wedstriid tsjin Ajax kaam, stoppe earder mei trainen.

Neffens Cambuur trainer Sandor van der Heide wurdt sneon besjoen oft Bijker spylje kin tsjin Willem II.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)