Spottersdei op fleanbasis

15 sep 2011 - 14:08
  • Foto's: Hayo Bootsma, Omrop Fryslân

Fjouwerthûndert fleantúchspotters binne tongersdei te gast op de Fleanbasis Ljouwert. Se besjogge de oankommende fleantugen foar de iepen dagen fan freed en sneon. Se sjogge ek de oefenings fan demonstraasjeteams. De loftmachtdagen binne in moaie gelegenheid om foto's te nimmen. De spotters moasten tongersdei tsien euro betelje om op de basis te kommen. It jild is foar in goed doel.

Kliïnten fan Talant wiene tongersdei ek op de basis te gast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)