Spotprint-eksposysje yn Drachten

25 mrt 2006 - 17:55

Yn Museum Smellingerlân yn Drachten is sneon de útstalling mei politike spotprinten út de earste wrâldoarloch begûn. It giet om tweintich wurken út de eigen kolleksje. De útstalling hat al it nedige omtinken krigen.

Dat komt omdat der de lêste tiid in soad te dwaan is oer politike printen, lykas de Deenske kartoons oer profeet Mohammed. De printen yn it museum binne 90 jier lyn publisearre yn it wykblêd De Nieuwe Amsterdammer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)