Sportwikselpriis foar Zonderland

26 jan 2006 - 17:03

Turner Epke Zonderland fan de Lemmer krijt de sportwikselpriis 2005 fan de provinsje. Zonderland krijt de priis om't er de finale helle hat fan de mearkamp by it WK yn Melbourne. Hy is de earste Nederlanner dy't safier kaam is by in WK.

Epke Zonderland turnt al sûnt syn sechsde jier. Twa jier lyn bruts er troch, mar ferline jier waard er twadde by it NK, fjirde oan de rekstok by in wrâldbekerwedstryd en finalist by it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)